Rûnfeartboat Fryslân arranzjeminten

Rûnfeartboat Fryslân arranzjeminten

 

Wolle jo in rûnfear mei in groep? Of’t in no om in bedriuwsútstapke yn Fryslân by it Princenhof gjit, in jubileum, in famyljedei, in skoalreiske of oare groepen fan mear as 8 persoanen, Rûnfeartboat Fryslân soarget foar in ûnferjitlike dei.

 

SKS – Skûtsjesilen 2015 (ôffeart Earnewâld)

Jo kinne no reservearje foar de wedstriden fan it SKS-Skûtsjesilen 2015 .
Belibje de wedstriid fan tichtby op de rûnfeartboat , eksklusyf foar jo selskip.
De middei wurdt kompleet foar jo fersoarge.
Der binne hapkes en sûpkes oan board, en nei ôfrin fan de wedstriid kinne jo mei jo hiele selskip barbecue.

Wy helpe jo graach oan in passende offerte!
Nim direkt kontakt op.

 

Nij wettersportprogramma:

In middei op it wetter sels wetterskyen, silen, swimmen, of mei syn allen efter in rubberboat hingjen oan yn in banaan ?
Fan 10 persoanen ôf!
Ideaal foar in bedriuwsútstapke yn Fryslân.
Oan board fan ús rûnfeartboat dy’t as memmeskip fungearet, kinne jo hearlik loungen, genietsje fan de ferskate hapkes en sûpkes, en lekkere muzyk. 

Ynklusyf:

  • Rubberboat mei 150 hk;
  • swimfesten;
  • sky’s;
  • ‘banaan’;
  • muzyk;
  • esf.

 

Rondfeartboat bedriuwsútstapke yn Fryslân

 

Binne jo op syk nei in noflik personielsútstapke foar jo bedriuw?
Wy biede ferskate mooglikheden .

Fan in wiidweidich diner, in spektakulêre feestjûn, in gesellige buorrel, ta in rûnfeart yn kombinaasje mei oare aardige aktiviteiten op de marren fan Fryslân, oer it natoergebiet de Princenhof, of op de Grinslânske marren.

rondvaartboot friesland

Organisearje jo in bedriuwsútstapke of in wichtige gearkomst mei de direksje?

Dan kinne jo gebrûk meitsje fan ien fan ús rûnfeartboaten dy geskikt binne foar saaklike gearkomsten.
De grutte boaten meitsje it mooglik om wiidweidige presintaasjes te jaan oan board.
Lês mear …

Der binne in protte opsjes foar bedriuwsútstapkes. Dit makket Rûnfeartboat Fryslân de partner foar jo bedriuwsútstapke yn Fryslân !

Wy helpe jo graach oan in passende offerte!

Nim direkt kontakt op.

 

 

Rûnfeartboat skoalreiske

 

Foar bern is it skoalreiske de dei fan it jier.
Rûnfeartboat Fryslân biedt skoallen in ynteressant kombinaasjepakket.
Wat tinke jo bygelyks fan in rûnfeart fan 1 oere kombinearre mei ferskate oare wetter – en kateringaktiviteiten?
Foar skoallen jilde ek oanpaste taryven foar in grut tal fearten.

Foar in offerte en/of advys oer de leukste skoalreiskes yn Fryslân (en Grins) kinne jo kontakt mei ús opnimme.

Us meiwurkers beantwurdzje graach al jo fragen en helpe jo oan in passende offerte.

 

Foar reisorganisators



Rûnfeartboat Fryslân biedt reisorganisators en reisorganisaasjes uterst skerpe tarieven.
Om hjirfoar yn beneaming te kommen moat jo de gearwurking mei Rûnfeartboat Fryslân oangean .
Om jo in goed oanbod te jaan, riede wy jo oan om oer de folgjende saken nei te tinken ear ’ t jo kontakt mei ús opnimme:

– Mei hoefolle persoanen wolle wy dit jier komme farre by Rûnfeartboat Fryslân ?rondvaartboot friesland
– Hokker produkten soe ik ha wolle?
– Eksklusyf foar jo selskip ?

Rûnfeartboat Fryslân

Wêrom fertrouwen in protte reisorganisators harren gasten oan Rûnfeartboat Fryslân ta?

– Rûnfeartboat Fryslân is de grutste berikbere riederij foar reisorganisators.
Dêrtroch kinne jo jo gasten maklik nei de boat bringe, en nei ôfrin wer ophelje.
– Foarôfgeand oan de rûnfeart op it wetter kinne jo gasten rêstich op de boat wachtsje en/of nei ôfrin genietsje fan in tal sûpkes.

Wy beskikke oer in kompleet kateringtiim.


Rûnfeartboat Fryslân helpt jo graach oan in passende offerte.